Lunchlêzing Jabik Veenbaas oer de relaasje tusken poëzij en filosofy yn it wurk fan Obe Postma
Dizze lêzing wurdt jûn yn it Frysk
“Wat de dichter witte moat is de titel fan ien fan Postma syn moaiste gedichten,” sa seit dichter, skriuwer en filosoof Jabik Veenbaas. Op tongersdei 19 oktober hâldt hy in lunchlêzing oer de ferhâlding tusken it dichtwurk en de filosofy fan Obe Postma. Postma is benammen bekend as dichter, mar hold him ek yntinsyf dwaande mei natuerkunde, skiednis en filosofy.
Veenbaas freget him ôf: wat wie Postma syn filosofy en hoe sjogge wy d…
Dizze lêzing wurdt jûn yn it Frysk
“Wat de dichter witte moat is de titel fan ien fan Postma syn moaiste gedichten,” sa seit dichter, skriuwer en filosoof Jabik Veenbaas. Op tongersdei 19 oktober hâldt hy in lunchlêzing oer de ferhâlding tusken it dichtwurk en de filosofy fan Obe Postma. Postma is benammen bekend as dichter, mar hold him ek yntinsyf dwaande mei natuerkunde, skiednis en filosofy.
Veenbaas freget him ôf: wat wie Postma syn filosofy en hoe sjogge wy dy werom yn syn dichtwurk? Wat betsjut dy filosofy foar syn poezij? Makket dy syn gedichten sterker of ferswakket er dy just? Seit de dichter dêr sels faaks ek wat wêzentliks oer yn it gedicht mei dizze titel? En wat kinne wy hjoed de dei noch mei Postma syn filosofy begjinne? Yn 2018 brocht Veenbaas de trijetalige blomlêzing ‘Obe Postma – Selected Poems‘ út.
Dizze lêzing wurdt organisearre yn gearwurking mei it Obe Postma selskip.
Foto: Tjerk de Reus
Lunchlêzing
De lêzing by Tresoar begjint om 12.30 oere en duorret ûngefear 45 minuten oant in oere. De tagong is fergees, al jildt wol in ferplichte oanmelding. By it oanmelde kinst oanjaan oftst ek gebrûk meitsje wolst fan de lunch foarôfgeand oan de lêzing (2 broadsjes* + 1 konsumpsje). De lunch stiet fan 12.00 oere ôf klear. De kosten foar de lunch binne €7,50, foarôf te beteljen by reservearring fan in kaartsje. Jou by de opjefte ek oan mei hoefolle persoanen oftst komst.
Wanneer
- Donderdag 19 oktober 2023 12.30 - 13.30 uur
Prijzen
- De toegang is gratis. Lunch 7,50 euro. Graag opgave vooraf via de website van Tresoar.